Sa't ik juster ôfpraat hie, soe ik nr. 11 fernije omdat it printsje net alhiel mear paste yn it seizoen. Underwilens ha'k de snie rane litten en ha wy no in hiele grutte stap nommen nei de simmer mei bledsjes en oare "fersierings" oan de beammen. Miskien moat der noch in tuskenoplossing socht wurde yn'e maitydsfear. De foto fan de persoan hjirneist is makke troch Catrien, in pakesizzer. It mantsje stiet al jierren by ús yn'e sitkûle en hat al hiel wat trochstien. Dizze winter is syn helm in pear kear ôfwaaid en boppedat brûkten de fûgels, ûnderweis nei it winterfoer, syn holle faak as tuskenlâning mei itselde resultaat. It wie hjoed wer âld-papier-dei en de buorren stie danek fol doaskes en pakjes mei dat spul. De lêste tiid hellet buorman Anne Jan by ús de boel op yn'e kroade. Hy moast diskear in skoftsje wachtsje omdat de fam. Van der Meij de boel noch ynpakke en bine moast. By útsûndering ha'k hjoed mei de auto boadskippen dien, net allinne nei de Spar en Pijnacker mar ek nei't Leger des Heils oan de Streek om wat kleanspullen fan Sytske (noch wol knap hear!) te dumpen. De echte reden dat ik mei de auto gie, wie dat der benzine yn it tankje moast omdat wy moarn nei Balk op jierdeibesite moatte. Nettsjinsteande de wietichheid, ha'k hjoed ek noch in hantaast yn'e tún dien. Noch eefkes it sportoersjoch (net alhiel aktueel) : Hearrenfean hat juster mei 4- 1 wûn (!) en Sven stie justerjûn boppe-oan yn it klassemint by it wrâldkampioenskip reedriden. De lêste stân wit ik net omdat ik noch net t.v. sjoen ha. - S.- P.S.: It âld papier gie hjoed wer fuort, - der is wer hiel wat byinoar skuord. - 't Is net te leauwen, wat in troep - stiet moarns ier al op'e stoep.











Laatste reacties